Asscher woansdei nei It Fean

Lodewijk Asscher © ANP
Minister Lodewijk Asscher fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid bringt woansdei in besite oan It Hearrenfean. Hy giet der op besite by Sportstêd en by Sportklup Hearrenfean. De minister wurdt ûnder oare bypraat oer it projekt De Beugel, dat jongeren dy't dreech oan wurk komme kinne helpt by it finen fan in baan.
Ek krijt er in presintaasje oer it bedriuw Compakboard dat him meikoarten op It Hearrenfean fêstigje sil. Ek dat bedriuw wurket mei minsken dy't oars dreech oan in baan komme.