Alberda sjocht swimbûn sitten

Joop Alberda © ANP
Joop Alberda sjocht it wol sitten om technysk direkteur fan it swimbûn te wurden. De âld-bûnscoach fan de gouden Olympyske follyballers (1996) moat de opfolger wurde fan Jacco Verhaeren, dy't syn wurkterrein ferleit nei Australië. Alberda, berne yn Easterwâlde, is op dit stuit technysk direkteur fan de atletykuny. Earder wie er ek aktyf yn it roeien, fuotbal en hurdfytsen.
Foar Alberda is it swimbûn in moaie útdaging. "Ik houd van grote mondiale sporten", sei de 62-jierrige sportbestjoerder.
De sporters dy't mei Alberda wurke ha, ha oer it generaal goed prestearre. "Dan komt er een reputatie en vertrouwen en daar ben ik heel zuinig op", is syn ferklearring.