Plan foar kowetún yn Ljouwert

As alles meisit hawwe de kij fan boer Symen Tamminga yn Ljouwert oer in jier in eigen kowetún. Dochter Anke Tamminga hat grutte plannen. Se wol in stâl fan 10.000 kante meter bouwe litte. It giet net om in stâl fan beton en izer, mar om in natuerstâl mei grien, mear romte foar de kij en in heal iepen dak.
It ryk hat al subsydzje tasein, mar de provinsje Fryslân noch net. De Tamminga's wachtsje dêr noch op. De kowetún by Ljouwert soe ien fan de alderearste kowetunen fan Nederlân wêze.