Dútser rekket rydbewiis kwyt

05 nov 2013 - 10:02

In Dútske automobilist is moandei by De Lemmer syn rydbewiis kwytrekke. Tsjûgen seagen rûn healwei tolven jûns in auto mei Dútsk kenteken by in busslûs yn de Parkstrjitte oer in ferheging riden. Hjirnei knalde de automobilist by twa pealtsjes op. De plysje koe de Dútser op de Brekkenwei achterhelje. De bestjoerder út Ochtrup sei dat hy net dyjinge wie dy't riden hie.

Doe't de plysje him oanhâlde woe, wie de man lestich. Mei help fan tsjûgen koe er lang om let yn de boeien slein wurde. Ut ûndersyk die bliken dat de man dronken hie.

Nei ôfhanneling fan de saak is de Dútser wer frijlitten.

Trefwurden: 
rydbewiis dronken Dútser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)