FNP: stipe foar keatsmuseum

De FNP wol dat de provinsje it keatsmuseum yn Frjentsjer mei 1,5 ton stipet om in nij ûnderkommen te finen. De partij fynt it museum tige wichtich foar it toerisme en foar de promoasje fan de keatssport. De subsydzje moat neffens de FNP oare sponsors oer de streek lûke.
It keatsmuseum yn Frjentsjer hat yn oktober de doarren sletten. Troch ferkeap fan it gebou is de hier fierste heech wurden. Der moat 95.000 euro yn 't jier betelle wurde en dat jild is der net. Op 1 jannewaris moat it gebou leech wêze.