Toer op Flylân besketten
In F-16 hat moandei ûngelokkigerwize de kontrôletoer op it militêre oefenterrein de Flyhors op Flylân besketten. Der wiene op dat stuit in pear minsken yn de toer, mar nimmen rekke ferwûne. It gebou sels rekke bot skansearre.
De F-16 hie in grûndoel op in ôfhandich stik strân besjitte moatten. De Keninklike Loftmacht ûndersiket wat der misgien is.