Annemarie grutste BZV-fan
Boerinne Annemarie de Jong fan Jobbegea is keazen ta grutste fan fan tv-programma Boer zoekt Vrouw. De Jong (24) krige de measte stimmen fan de fiif selektearre kandidaten. Annemarie runt mei har âlden in melkfeebedriuw op 'e Gordyk mei 180 melkkij en 150 stiks jongfee.
Sûnt it begjin fan de populêre tv-syktocht nei de leafde, hat se gjin ôflevering mist. Se fynt dat it programma in positive bydrage leveret oan it imago fan de agraryske sektor. Annemarie de Jong krijt in plakje yn de earste Boer zoek Vrouw kalinder.