In 3e priis argyfstik Tresoar

04 nov 2013 - 16:45

Tresoar hat by de lanlike ferkiezing fan it argyfstik fan it jier in tredde plak helle. Tresoar die mei mei it stik 'De Bloedvlek". Winner waard it Stedsargyf Rotterdam mei it tagongskaartsje foar de Europakupfinale Feyenoord-Celtic yn Milaan út 1970. Stedsargyf Vlaardingen waard twadde mei in 19e ieuske tekening fan in Siameeske twilling.

Neist de priis hat it stik Tresoar in hiel soad publisiteit opsmiten foar de argiven. Neffens de sjuery fynt men by minsken mear stof as yn de argiven.

Trefwurden: 
Tresoar argyfstik bloedvlek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)