Nij gemaal foar De Gordyk

04 nov 2013 - 16:11

Wetterskip Fryslân is moandei op de Gordyk begongen mei de bou fan in nij gemaal, dat it peil yn de Opsterlânse Kompanjonsfeart regelje moat. It âlde gemaal wie ferâldere en wurke net automatysk. It droechlizzen fan it kantaal wie earder net slagge fanwege de sachte grûn. Mei in grutte kraan binne no fjouwer damwanden pleatst, dy't mei in dûker teplak setten binne.

Dizze nije metoade sil it Wetterskip faker tapasse. It pleatsen fan de damwanden is yn ien dei klear, it nije gemaal moat ein dit jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)