KNVB skorst Marco van Basten

Marco van Basten © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Trainer Marco van Basten fan SC Hearrenfean is troch de KNVB foar ien wedstriid skorst. Dêrtroch mist hy de wedstriid tsjin RKC Waalwijk takom freed. De coach waard it ôfrûne wykein yn it duel mei FC Utrecht nei de tribune stjoerd omdat hy it fuotbalfjild op rûn.
Skiedsrjochter Jochem Kamphuis stjoerde him dêrfoar fuort. De KNVB hat Van Basten no ien wedstriid skorsing oplein. De trainer en de klup hawwe dit akseptearre.