Aksje tsjin brûken 'Round-up'

04 nov 2013 - 13:02

Natoerferiening Geaflecht fan De Gordyk en Miljeudefinsje sille moandeitemiddei in petysje tsjin it ûnkrûdbestridingsmiddel Round Up oanbiede oan boargemaster Francisca Ravestein fan de gemeente Opsterlân. De natoerorganisaasjes binne lulk dat de gemeente fan plan is om takom jier Round Up yn te setten. Oant no ta wie de gemeente altyd giffrij.

Fanwege besunigings is lykwols besletten om yn 2014 it bestridingsmiddel yn te setten. Dat kin mar foar ien jier, want fan 2015 ôf is Round Up ferbean yn Nederlân.

Trefwurden: 
Opsterlân De Gordyk round-up
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)