Tryater posityf oer takomst

04 nov 2013 - 12:28

Tryater tinkt ek nei 2016 wer kâns te meitsjen op subsydzjes fan it Ryk. Yn in brief oan de Twadde Keamer skriuwt minister Jet Bussemaker dat se de besteande subsydzjestruktuer net bot feroarje wol. Dat soe betsjutte kinne dat de njoggen teaterselskippen dy't oant 2017 jierliks jild fan it Ryk krije, dy subsydzjes hâlde. Tryater is dêr ien fan en ûntfangt no jierliks 1,5 miljoen euro.

Bussemaker easket wol dat kulturele ynstellings mear ynformaasje jouwe oer de prestaasjes dy't sy helje.

It giet dan net allinnich om it tal besikers fan foarstellings, mar bygelyks ek oer hoefolle eigen jild se ophelje mei sponsoring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)