Stoarmskea 'Vierkant' yn Harns

In part fan it multyfunksjonele sintrum 'Het Vierkant' yn Harns is mooglik in healjier lang net te brûken. De stoarm fan ferline wike moandei en it reinwetter dat de ôfrûne dagen fallen is hawwe foar tefolle skea soarge. De linkerkant fan it gebou is benammen troch it reinwetter bot skansearre rekke en in boutechnysk ûndersyk is needsaaklik. De brûkers fan dit stik fan it MFC hawwe tydlik ûnderdak krigen op de Waadpromenade.
De rjochterkant fan it gebou is der better ôf kaam en dêr kinne mooglik in part fan de brûkers wer yn.