2 ton foar Tall Ships Race

31 jan 2012 - 16:06

De provinsje Fryslân jout twa ton subsydzje foar de Tall Ships Race yn Harns. Oer twa jier is Harns startplak fan de race fan grutte skippen. Neffens de provinsje is it in prachtich evenemint dêr't in soad toeristen op ôfkomme. Op de skippen kinne 1500 jongeren in staazjeplak krije. Se kinne dan yn de kunde komme mei de maritime sektor.

Omdat de provinsje dit in unike kâns fynt wurdt besocht nochris in bedrach fan 2 ton bymekoar te krijen. De provinsje wol dat foarinoar krije mei ûnder oare it projektburo A7/Westergo.

De organisaasje fan de Tall Ships Race 2014 is yn hannen fan de Stichting Harlingen Sail.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)