KPN helpt Jistrum wer online

Telefoan © ANP
KPN sil moandeitemiddei besykje de steuring mei fêste tillefoan- en ynternetferbinings yn Jistrum te meitsjen. Dat lit in wurdfierder witte. In beam neist it doarp waaide ferline wike moandei troch it stoarmwaar om en luts dêrby ek kabels stikken.
De gemeente Tytsjerksteradiel hat de beam no fuorthelle wêrtroch KPN mei herstelwurksumheden begjinne kin. Doel is dat KPN-klanten yn Jistrum en omkriten moandeitemiddei wer belje en ynternette kinne.