Motors en quads stellen

Ut in garaazjeboks oan de Houtdraaierstrjitte yn Snits binne it ôfrûne wykein motors en quads stellen. Dat barde tusken sneontemiddei en sneintejûn. Der waarden yn alle gefallen twa motors en twa quads meinaam.
De plysje siket nei tsjûgen dy't tusken 14.00 oere sneontemiddei en 18.30 oere sneintejûn wat fertochts sjoen hawwe. Wa't mear wit kin kontakt opnimme mei de plysje op 0900 - 88 44.