Hyperbere keamer wint Tomme

04 nov 2013 - 07:49

De hyperbere keamer fan stichting Antonius Hypercare út Snits hat de Soarchbelang Fryslân Tomme 2013 wûn. De hyperbere keamer is in nije behannelmetoade dêr't mei soerstof de bloedsomloop mei ferbettere wurdt sadat wûnen better genêze. It Antonius krige 37% fan de stimmen.

Oare kânshawwers foar de ynnovaasjepriis wiene sikehûs de Tjongerskâns fan It Hearrenfean, dy't in persoanlike webside lansearre mei ynformaasje op maat foar pasjinten. En ek Cornelia Hoeve, Hof en Hiem, in lytsskalige wenfoarm foar dementearjende âlderein siet der by.

Ferline jier wie de priis foar it húsdoktershospitaal fan ZuidOostZorg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)