Petysje Ljouwert oer lûd JSF

04 nov 2013 - 07:11

Fertsjitntwurdigers fan de regio om de fleanbasis yn Ljouwert hinne, sille tiisdei in petysje oanbiede oan de fêste keamerkommisje foar definsje. De petysje ropt op om oandacht te jaan oan it lûd dat de JSF produsearret. De regio easket oanfoljende lûdsmjittingen en in permaninte kontrôle fan it lûd as de JSF nei Ljouwert komt.

Boppedat moatte de 3000 wenten yn de omkriten fan de fleanbasis kontrolearre wurde op lûdsisolaasje. Mocht dat net foldwaande wêze dan moatte der maatregels troffen wurde, sa easkje de fertsjintwurdigers.

Woansdei sil de keamerkommisje prate oer de nota Takomst fan de Kriichsmacht. Nei alle gedachten sil dan ek it beslút falle oer de oankeap fan de JSF.

Trefwurden: 
fleanbasis JSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)