Lege opbringst benefytkonsert

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It maraton-benefytkonsert dat snein yn Sealen Skaaf holden waard foar de slachtoffers fan de brân yn de Ljouwerter binnenstêd, hat 1738 euro opbrocht. Dat meldt de NOS. In teloarstellend resultaat. De organisaasje hie fan tefoaren witte litten dat se hopen op in bedrach fan sa'n 10.000 euro.
It 12 oeren duorjende konsert wie fergees. Besikers waard frege om sels in donaasje te dwaan.