Wetteroerlêst akwadukt Snits

04 nov 2013 - 06:34

Under it akwadukt yn de A7 by Snits stiet troch de rein in soad wetter. It reinwetter soarget foar in gefaarlike situaasje foar it ferkear. De plysje hat ien rydstrook ôfsletten yn de rjochting fan De Jouwer nei Snits. Rykswettersteat is no te plak om te sjen oft de hiele dyk ôfsletten wurde moat foar it ferkear. Mear nijs folget.

Trefwurden: 
Snits A7 wetteroerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)