Tredde ferlies SC Hearrenfean

03 nov 2013 - 18:27

SC Hearrenfean hat snein mei 2-0 ferlern FC Utrecht. Yn De Galgenwaard skeat Jens Toornstra in frije traap dwers troch de muorre en soarge dêrmei nei 20 minuten foar de 1-0. Sawol Alfred Finnbogason as Marten de Roon krigen grutte kânsen op de lykmakker, mar beide hienen it fizier net op skerp. Yn de 55e minút wie it Jacob Mulenga dy't de twadde treffer foar de thúsploech op it boerd sette. Mulenga krige dêrnei de kâns op de 3-0 mar waard yn 'e rêch treaun troch Joey van den Berg. Utrecht krige lykwols gjin strafskop, wêrtroch it 2-0 bleau.

Trainer Marco van Basten waard troch skiedsrjochter Kamphuis nei de tribune stjoerd, omdat hy it fjild ynrûn. It is it tredde ferlies op rige foar de ploech fan trainer Marco van Basten. Earder waard ferlern fan Vitesse en NEC. SC Hearrenfean stiet mei 15 punten út 11 wedstriden op it 10e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)