Aris ûnderút by Zwolle

De basketballers fan Aris ha snein yn in lykopgeande striid mei 82-75 ferlern fan Landstede Zwolle. Fan in 18-18 tuskenstân rûn Zwolle yn it earste kwart út nei 26-18. Benammen it missen fan frije woarpen spile de Ljouwerters parten. Zwolle mocht de foarsprong foar it skoft útwreidzje nei 41-35.
Nei rêst kaam Aris werom oant 45-45. Yn it tredde en fjirde kwart holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Mei noch 3 minuten op 'e klok stie der in 72-71 tuskenstân op it boerd. Uteinlik luts de thúsploech yn de slotminút oan it langste ein.