Cambuur ferliest fan Feyenoord

SC Cambuur hat snein thús mei 2-0 ferlern fan Feyenoord. Cambuur krige yn de earste helte folop kânsen. Marcel Ritzmaier hie fierwei de bêste mooglikheid, mar fersomme te skoaren. In kopbal fan Michiel Hemmen waard foar de line keard. Ek de rebound fan Erik Bakker gong neist. Yn ekstra tiid wie it Lex Immers dy't foar mineur soarge by it Cambuur-publyk troch de 1-0 op it boerd te setten.
Nei it skoft rekke Mohamed El Makrini blesseare. Mitchell te Vrede profitearre optimaal troch tsjin de 10 man fan Cambuur de 2-0 binnen te koppen.
Neist El Makrini rekke Cambuur yn de wedstriid tsjin Feyenoord ek Michiel Hemmen kwyt. Hemmen moast it fjild ferlitte mei in blessuere oan syn knibbel. SC Cambuur stiet mei 12 punten út 12 wedstriden op it 15e plak.