Plasterk tekenet taalkonvenant

Minister Plasterk fan ynlânske saken en keninkryksrelaasjes © ANP
Minister Plasterk komt moandei nei Fryslân foar it ûndertekenjen fan in taalkonvenant mei de weryndielingsgemeenten Lemsterlân, Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat, Boarnsterhim, Ljouwert en Hearrenfean. Ut namme fan de provinsje Fryslân sil kommissaris fan de Kening John Jorritsma tekenje. De hantekening fan Plasterk is nedich omdat de nije gemeenten belied meitsje op it mêd fan it Frysk.
Neffens it Europeesk Hânfest foar Minderheidstalen meie boargers der net yn taalrjochten op achterútgean by in gemeentlike fúzje.
De fiif gemeenten dy't yn Súdwest-Fryslân opgiene, ûndertekenen trije jier lyn ek al sa'n konvenant. Súdwest-Fryslân sil moandei op 'e nij tekenje, omdat dizze gemeente in stikje fan Boarnsterhim der by krijt.