Snitser slacht Burchwerter

03 nov 2013 - 12:42

De plysje hat sneintemoarn om 03.30 oere in Snitser oppakt. De man wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in Burchwerter (21) yn in hoarekasaak oan de Lytse Tsjerkstrjitte yn Snits. De Snitser krige spul mei de Burchwerter en sloech him dêrby tsjin de holle.

De Burchwerter rekke sa bot oan de noas ferwûne dat er nei it sikehûs moast. De Snitser waard oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
mishanneling slaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)