Dealer opppakt yn Dokkum

03 nov 2013 - 12:34

Yn it ramt fan de grutte drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân hat de plysje snein in 44-jierrige Dokkumer oppakt. De man wurdt fertocht fan it ferkeapjen fan kokaïne en heroïne oan oare drugsbrûkers. Ynformaasje út it grutte drugsûndersyk sette de plysje op it spoar fan de man.

De man waard yn syn wenhûs oanhâlden. Der waarden ek harddrugs yn beslach nommen. Nei alle gedachten gie it om drugs dy't de man foar eigen gebrûk hie.

Trefwurden: 
drugs drugsûndersyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)