700 man op iepen dei NAM

03 nov 2013 - 11:53

De iepen dei fan Nederlandse Aardolie Maatschappij NAM yn Dongeradiel luts sneon sa'n 700 besikers. De NAM hie in bustoer organisearre lâns de gaslokaasjes by Ie, Eanjum, Moddergat en Ingwierrum. Der waard útlis jûn oer de tapassings fan ierdgas, boaiemdelgong en ierdbevings.

Undersyk fan de oerheid hat earder dit jier oantoand dat de kâns op ierdbevings yn Fryslân lyts is. Folle lytser as yn Grinslân, omdat de Fryske gasfjilden lytser binne as it grutte gasfjild by Slochteren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)