Alves wer werom nei Brazilië

03 nov 2013 - 11:29

Der komt gjin rentree fan de Braziliaanske fuotballer Afonso Alves by Sportklup Hearrenfean. De spits wie in deimannich yn Fryslân om te sjen oft in rentree mooglik wêze soe, mar hy hat de klup wite litten dat hy dêr no fan ôfsjocht, seit Gaston Sporre fan sc Hearrenfean.

Alves kaam woansdei yn Fryslân mei as doel om mei de beloften mei te trainen, mar dit waard útsteld omdat hy 'it goeie gefoel' miste. De direksje fan de klup joech Alves oant moandei de tiid om nei te tinken. Alves hat dat lykwols net ôfwachte.

Trainer Marco van Basten sette freed al syn fraachtekens by de hâlding fan Alves. 'Als je gevoel niet goed zit, moet je je koffers pakken en moven. Ik heb zoiets van: graag of niet.' Alves sil nei ferwachting moandei of tiisdei op it fleantúch stappe nei syn heitelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)