De Lange CDA-listlûker Europa

03 nov 2013 - 10:44

Europarlemintariêr Esther de Lange (38) is by de Europeeske ferkiezings fan takommend jier de listlûker foar it CDA. Op it partijkongres yn Ljouwert waard De Lange sneon keazen mei 62 persint fan de stimmen.

De Lange is sûnt 2007 lid fan it Europeesk Parlemint. Sy naam it by de listlûkerferkiezing op tsjin Europarlemintariër Wim van de Camp. Yn it parlemint hâldt De Lange har dwaande mei saken as plattelânsûntwikkeling, lânbou, folkssûnens en de foedselfeiligens. Ek is sy foar har partij kontaktpersoan foar Fryslân, Grinslân en Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)