Ferwûne busreizgers komme thús

02 nov 2013 - 19:22

34 fan de 36 ferwûne busreizgers fan it grutte busûngelok by Muiden wurde noch sneontejûn allegearre wer thúsbrocht. Dit hat direkteur Reinders fan Soarchorganisaasje De Friese Wouden yn Drachten sneontejûn bekend makke. Allinnich twa swier ferwûne reizgers moatte foarearst yn it sikehûs yn Amsterdam bliuwe. It needhospitaal fan it UMC yn Utrecht, dat sneon in soad ferwûnen fersoarge, is wer leech.

Alle ferwûnen binne meiwurkers fan De Friese Wouden, of famyljeleden dêrfan, dy't mei-inoar op personielsreis wiene.

De busreizgers waarden sneontejûn yn etappes ôflevere op de ferskate opstapplakken yn Burgum, Drachten en It Hearrenfean. Op elk fan dy plakken wiene minsken oanwêzich om de busreizgers op te heinen. Der wie foarsjoen yn sop en broadsjes en der wie ek slachtofferhelp beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)