36 Ferwûnen by slim busûngelok

02 nov 2013 - 16:18

By it slimme busûngelok mei trije Fryske bussen by Muiden binne seker 36 minsken ferwûne rekke. Dat seit plysjewurdfierder Leo Dortland. De plysje gie earst út fan minder slachtoffers, mar kaam by in krekte ynventarisaasje dochs út op sa'n 36 ferwûnen. Fjouwer swier ferwûnen binne oerbrocht nei it AMC yn Amsterdam. Seker 30 ferwûnen binne oerbrocht nei it kalamiteitehospitaal fan it UMC yn Utrecht. In soad fan harren hawwe nekklachten.

De ferwûnen binne allegearre meiwurkers fan soarchorganisaasje De Friese Wouden of famylje dêrfan.

Sneon giene 360 meiwurkers fan De Friese Wouden mei seis bussen op personielsreis nei musical Sister Act. Trije fan dy seis bussen rekken belutsen by it ûngelok op de A1 by Muiden. Om fjouwer oere hinne gie de earste bus mei net-ferwûne busreizgers op de weromreis nei Fryslân. Ek wurdt besocht om de A1 wer frij te meitsjen foar it ferkear. De dyk moat lykwols earst skjinmakke wurde, omdat ien fan de skansearre bussen frijwat disel lekt hat. Neffens direkteur Reinders fan De Friese Wouden wurde de slachtoffers hiel goed opheind yn it kalamiteitehospitaal yn Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)