15 ferwûnen nei needsikehûs

02 nov 2013 - 15:03

It kalamiteitehospitaal yn Utert hat sneon in rampoefening ôfbrutsen om ferwûnen fan it busûngelok op de A1 by Muiden opheine te kinnen. Fanwege it ûngelok mei trije bussen mei meiwurkers fan De Friese Wouden is it sikehûs fuortendaliks iepene. Yn it needsikehûs binne fyftjin ferwûnen binnen kaam. Dat hat in wurdfierder fan it hospitaal witte litten.

It kalamiteitehospitaal is in gearwurkingsferbân fan it ministearje fan definsje en it UMC Utrecht. It sikehûs biedt opfang oan slachtoffers dy't net sa gau yn in gewoan sikehûs telâne kinne.

Twa swier ferwûnen binne opheind yn it AMC yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)