Buma:net samar kompromis slute

02 nov 2013 - 14:54

It nije CDA sil net samar mear in komprimis slute. Dat boadskip hie CDA-lieder Sybrand van Haersma Buma sneon op it kongres fan syn partij yn Ljouwert. De Twadde Keamerfraksje stiet tenij allinnich foaroan as der in nije rjochting jûn wurde kin oan it lân. Buma makke in ferwizing nei it hjerstakkoart. Dêr wegere it CDA yn te stimmen mei fierdere belestingferheging.

Buma folget de line fan syn foargongers Balkenende en Lubbers. Hy wol dat Den Haach in stap weromdocht en it eigen initsjatyf fan minsken wer wurdearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)