Man biedt stellen fyts oan

© ANP XTRA
De Ljouwerter plysje hat freedtejûn oan de Ikestrjitte yn Heechterp/Skieringen in Ljouwerter (44) oanhâlden op fertinken fan it stellen en helen fan in fyts. De plysje wie warskôge troch in oare Ljouwerter. Dy seach syn eigen fyts, dy't op 23 oktober stellen wie yn Dronten, op ynternet te keap stean.
De man gie yn gearwurking mei de plysje op ûndersyk út en fûn syn eigen fyts by it hûs fan de fertochte. De fertochte waard oerbrocht nei it plysjeburo foar proses-ferbaal. De fyts gie werom nei de eigener.