Huizenga en Stroetinga fjirde

02 nov 2013 - 11:33

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap en Jenning Huizenga fan Frjentsjer binne freed mei de Nederlânske ploech fjirde wurden op de ploege-efterfolging by de earste wrâldbekerwedstryd fan it seizoen yn Manchester. Dion Beukeboom en Roy Eefting wiene de oare twa hurdfytsers. De striid om it brûns tsjin Denemarken waard ferlern.

Yn de kwalifikaasje sette de Nederlânske ploech in nij nasjonaal rekôr del. Tim Veldt ried doe op it plak fan Wim Stroetinga. Di nije bêste tiid 4.03.033.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)