Flyers foarearst net yn Thialf

01 nov 2013 - 22:38

It duorret noch twa wiken foardat de UNIS Flyers wer yn Thialf spylje kin. Troch in stikkene kompressor kin der gjin iis makke wurde yn de iishockeyhal. It duorret ien wike om de kompressor te reparearjen. Dêrnei is der ek noch in wike nedich om it iis wer te meitsjen. De iishockeyers misse hjirtroch trije thúswedstriden.

It earste team fan de Flyers sil nei alle gedachten útwike nei Ljouwert foar harren trening.

Trefwurden: 
Thialf iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)