Measte stoarmskea yn Fryslân

By fersekerder Interpolis binne út Fryslân 3200 skeameldings binnen kaam fan stoarmskea nei de stoarm fan ôfrûne moandei. Dat binne folle mear as út de rêst fan Nederlân.
Noard-Hollân stiet op it twadde plak; dêr ha 2100 minsken kontakt socht mei de fersekerder. Yn Grinslân wiene it der 1200. Yn totaal hat Interpolis 14.000 skeameldings krigen en wurdt der 31 miljoen euro oan skea útkeard. De agraryske sektor is it hurdst troffen mei 15 miljoen euro oan skea.