Vandenbussche kin nei België

01 nov 2013 - 16:43

Keeper Brian Vandenbussche hat in oanbieding fan in Belgyske klup. Hokker klup dat is, wol er net sizze. De Belgyske keeper wennet al jierren op It Hearrenfean en hy hat dêr syn libben opboud. Hy wol dat net samar opjaan en wachtet dêrom rêstich ôf wat Hearrenfean mei him wol en wat der bart mei earste keeper Kristoffer Nordfeldt. Vandenbussche syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf.

Fan de hjoeddeiske seleksje fan Hearrenfean is Vandenbussche de iennichste dy't noch mei Alves fuotballe hat. Fan de keeper mei de Brazyljaan wer weromkomme.

Vandenbussche seit hiel benijd te wêzen wat Alves noch yn 'e marse hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)