Warkumer mei auto tsjin beam
In 30-jierige man út Warkum is freedtemoarn ferwûne rekke op de Weersterweg by Wûns. Tsjûgen seagen him yn de auto oer de dyk slingerjen. Yn in bocht rekke er fan 'e dyk en ried er tsjin in beam.
De brânwacht hat de man út de auto weihelle. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.