Lytse byb inkeld foar bern

01 nov 2013 - 16:19

De Lytse Byb's yn Súdwest-Fryslân en Gaasterân-Sleat dogge boeken foar folwoeksenen de doar út. Der bliuwe inkeld noch mar berneboeken oer. De maatregel giet op 1 jannewaris yn. Folwoeksenen moatte tenei nei gruttere biblioteken yn 'e buert. Foar minsken dy't dêr net selsstannich komme kinne, wurdt in besoarchservice opset. Dêr wurde noch frijwilligers foar socht.

De gemeentes Hearrenfean, Skarsterlân en Lemsterlân hawwe ek al sa'n besoarchservice foar boeken.

Trefwurden: 
lytse byb
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)