'KNRM mei slepe op Waadsee'

KNRM Valentijn © Wikipedia
Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer fynt it prima dat de Keninklike Nederlânske Rêdings Maatskippij skippen op sleeptou nimt op de Waadsee. Dat skriuwt de minister oan de Twadde Keamer. De keamer hie noed oer de feiligens op it Waad, omdat der rûzje is tusken de KNRM en kommersjele bergers.
De bergers fine dat sy wurk misrinne trochdat de rêders skippen op 'e sleep nimme. De minister kin har dat wol foarstelle, mar sy bliuwt derby dat de KNRM dat dwaan mei.