Bosk bliuwt gefaarlik

De gemeente Smellingerlân warskôget ynwenners dat der noch altyd gefaarlike situaasjes driigje mei loshingjende tûken en lossittende beammen. Mei de foarsizzings fan min waar en hurde wyn foar dit wykein riedt de gemeente minsken ôf om yn parken en griensônes te kommen. De trimbaan yn it Slingepark is ek noch altyd net feilich.
Guon parken en paden binne troch de gemeente ôfsletten, mar ek op plakken dy't net ôfsletten binne, kinne gefaarlike tûken hingje.