Jistrum kin noch net belje

Klanten fan KPN yn Jistrum en omkriten hawwe al sûnt moandei gjin fêste tillefoan- en ynternetferbining mear. Dat is in gefolch fan it stoarmwaar. Troch omwaaide beammen binne kabels stikkengien. Om hoefolle oanslutings oft it krekt giet, wol it telekombedriuw net kwyt.
De steuring is benammen lestich foar ûndernimmers. Sa kinne klanten by dupearre bedriuwen net mear pinbetellings dwaan. KPN seit dwaande te wêzen mei reparaasjewurksemheden. Wannear't dy klear binne, is noch net bekend.