Asylsiker as frijwilliger

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear asylsikers binne oan it wurk. Earder wie it sa dat asylsikers sa min mooglik dwaan mochten. Se soene harren dan te folle oan Nederlân hechtsje. No wurde se derta oanset om frijwilligerswurk te dwaan yn de gemeenten dêr't se opfongen wurde.
Yn it asylsikerssintrum fan St. Anne wurkje guon flechtlingen no ek. Sa is der ûnder oaren in Syryske flechtling dy't helpt by swimlessen yn swimbad De Bildtse Slag.