Beker: Cambuur thús, H'fean út

01 nov 2013 - 02:12

SC Cambuur hat yn de achtste finale - de lêste sechstjin - fan it KNVB bekertoernoai in thúswedstriid lotte. De tsjinstanner wurdt FC Utrecht. Dy ploech waard it ôfrûne wykein yn Ljouwert noch mei 3-1 ferslein. Sportklup Hearrenfean moat it yn Alkmaar opnimme tsjin AZ. By de iepening fan de kompetysje wûn Hearrenfean yn it eigen stadion mei 4-2 fan AZ. De spyldata binne 17, 18 en 19 desimber fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)