SC Hearrenfean troch yn beker

SC Hearrenfean hat tongersdeitejûn yn it KNVB bekertoernoai mei 1-0 fan VVV Venlo wûn. Ramon Zomer makke yn de 22ste minút it iennichste doelpunt fan de wedstriid. Hearrenfean krige noch wol wat kânsen, wie ek wol wat better, mar echt in leuke wedstriid waard it nea.
De 21-jierrige Kenneth Otigba, de sintrale ferdigener fan Hearrenfean, hat tongersdeitejûn syn kontrakt ferlinge oant 2016. Boppedat is der in opsje foar noch twa jier. Otigba makke dit seizoen syn debút yn it earste fan de Feansters. Hy is ek Hongaarsk internasjonal.
Sportklup Hearrenfean hat ek it kontrakt mei A-junior Bilal Başaçikoğlu (18) iepenbrutsen en ferlinge oant de simmer fan 2016. Ek is yn in konrakt in opsje foar noch twa jier opnommen.