Ferkearsgaos yn Ljouwert

31 okt 2013 - 17:27

Op de A32 fan Ljouwert nei It Hearrenfean hat fannemiddei by Goutum in ûngelok west tusken twa auto's. Ien persoan rekke dêrby ferwûne. Om healwei fiven wienen de beide auto's fuortsleept. Mooglik dat dit de oarsaak is fan de ferkearsgaos dy't yn en rûnom Ljouwert ûntstie.

Om 19 oere wiene de grutste files foarby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)