Bus Kringloophal útbaarnd

De bus fan de Kringloophal oan de IJlsterkade yn Snits is yn de nacht fan woansdei op tongersdei útbaarnd. De brân ûnstie nei alle gedachten troch koartsluting yn de bus. Neffens eigener Peter Zwaagman fan de Kringloophal hawwe se no in grut probleem. Sûnder bus kinne meiwurkers gjin guod mear ophelje en ek ferkochte spullen by de klant ôfleverje is net mear mooglik. It is noch mar de fraach oft de fersekering in nije bus betelje wol. Zwaagman hopet yn dat gefal op giften fan sympatisanten, want sûnder bus moat er de hal slute.