Ark stellen út strântinte
Ut in omwaaide strântinte op Skylge is in lading ark stellen. Dat hat de eigener fan de Zandzeebar by Formearum oan See melden. De strântinte waard moandei troch de swiere stoarm folslein fernield.
Tongersdei kaam de eigener der achter dat ek nochris in lading ark út it houten bouwurk stellen is. De plysje op Skylge ropt minsken dy't mear witte har te melden.