Unrêst oer nij guozzebelied

Jagers en boeren roppe de provinsjale polityk op net akkoart te gean mei it nije guozzebelied. Yn dat nije belied wurde guozzen dy't hjir benammen winterdeis komme, mei rêst litten. Der wurdt wol besocht wat te dwaan oan guozzen dy't hjir it hiele jier sitte.
Foaral tsjin it mei rêst litten fan de winterguozzen bestiet in soad wjerstân om't de bisten foar in soad skea oan it boerelân soargje. De Nederlandse Melkveehouders Vakbond, de Nederlandse Akkerbouw Vakbond en de Nederlandse Organisatie voor Jacht en Grondbeheer komme dêrom yn aksje.
It nije guozzebelied is makke op grûn fan ôfspraken tusken de provinsjes, natuerorganisaasjes en boere-organisaasje LTO. Der is dus ferdieldheid tusken de boerefertsjinwurdigers.